Fierljepper Bobby Zwaagman iedereen de baas

 

Met een fraai nieuw schansrecord van 19,99 was junior Bobby Zwaagman zaterdag de smaakmaker tijdens de ljepperij in Burgum.

De negentienjarige springer IJlst bleef met zijn uitschieter het gehele seniorenpeleton voor. Ysbrand Galama pakte met 19,39 zijn 3e dagtitel.

Marrit van der Wal was de beste vrouw. Haar 16,55 was uitstekend te noemen. Dat gold ook voor de 18,69 van Jarich Wijnstra, de de winst bij de jongens pakte. Sigrid Bokma won met 14,25 bij de meisjes.

Bron Lc.nl

Bobby Zwaagman grutte winner by fierljeppen yn Burgum

Bobby Zwaagman fan Drylts wie sneontejûn de grutte man by it fierljeppen yn Burgum. Mei in skitterjend persoanlik rekôr fan 19.99 meter wûn hy net allinnich de wedstriid by de junioaren, mar sprong hy ek fierder as alle topklassers. De 19.99 wie mar leafst ien meter en trije sintimeter fierder as hy ea sprongen hie.

It wie dochs al de jûn fan de jeugd. By de jonges wûn Jarich Wijnstra fan Tsjom mei in moai persoanlik rekôr fan 18.69 meter. En by de froulju pakte de noch altyd mar 18-jierrige Marrit van der Wal fan It Heidenskip de oerwinning mei in kreaze 16.55 meter.

De grutte mannen fan de topklasse stienen dêrby yn it skaad. Allinnich Ysbrand Galama fan It Heidenskip kaam mei 19.39 meter oer de njoggentjin meter grins. Dat wie goed foar syn tredde deiwinst dit seizoen. By de famkes gong de oerwinning lykas sa faak nei Sigrid Bokma fan Hylpen, mei 14.25 meter

Bron omrop Fryslan

2e klas wedstrijd Winsum 3-8-2017

Donderdagavond werd er een 2e klas wedstrijd gesprongen op de schansen van Winsum.
Ondanks dat het erg hard waaide werd er een prima wedstrijd gesprongen met ook nog eens een
7 tal nieuwe persoonlijke records.

Voor de springers van Fierljepklup Burgum waren er ook weer een aantal successen.

Bij de famkes A werd het erg spannend gemaakt maar uiteindelijk werd Liselotte Veenstra
2e met een afstand van 11.61m en Pytrix Westra behaalde een mooie
3e plaats met een afstand van 11.55m.

Bij de Senioren B was het Folkert Heida die met een prima afstand
van 15.73m  een mooie tweede plaats wist op te eisen.

Age Hulder ferrassende winner yn Bûtenpost

Age Hulder fan Burgum hat freedtejûn yn de topklasse fierljeppen yn Bûtenpost ferrassend syn twadde deititel fan dit seizoen helle mei in sprong fan 20.19 meter. Hy wie dêrmei presys 1 sintimeter fierder as de favoryt Nard Brandsma út Warkum. De tredde priis gie nei Ysbrand Galama mei 19.10 meter.

Junioaren
By de junioaren gie ek wol ferrassend de earste priis nei Rutger Piersma út Molkwar mei in sprong fan 18.96 meter. Dat wie krekt wat fierder as Freark Kramer fan It Heidenskip dy’t 18.80 sprong. De tredde priis wie foar de oare favoryt Jan Teade Nauta fan Drylts, dy’t 17.68 sprong.

Froulju 
By de froulju wie de titel alwer foar de regearjende Fryske kampioene Marrit van der Wal fan It Heidenskip. Se wie echt yn foarm en sprong 15.24 meter. In kreas twadde plak wie foar Akke Talsma út Kollum. Sy sprong har bêste seizoensprestaasje fan 15.06 meter. De tredde priis gie nei Melanie Heins út Warkum mei in sprong fan 13.98 meter.

Jonges
By de jonges wie der úteinlik dochs noch de haadpriis foar Wietse Nauta fan Drylst. Hy sprong yn de finale 17.74 meter en wie dêrmei úteinlik dochs noch better as Jarich Wijnstra fan Tsjom, dy’t oant de finale de lieding hie mei 17.35. Wisse Broekstra fan Tsummearum, de jongste dielnimmer fan it hiele fjild mei syn 13 jier, sprong in persoanlik rekôr fan 15.72 meter en krige dêrfoar in brûnzen medalje.

Famkes
By de famkes wie it hiel spannend. De titel gie nei Bente Vlas út Heech mei 14.14 meter. Dat wie krekt twa sintimeter fierder as de favoryt Sigrid Bokma fan Hylpen mei 14.12. Tredde plak wie foar Tirza Boschma fan Drylts mei 13.29 meter.

Bron omrop fryslan

Bewaren

2e klas wedstrijd Buitenpost 27-7-2017

Donderdagavond was de Fierljepwedstrijd van de tweede klas bij de Ljeppersklub in Buitenpost. Uitgezonderd een kwartiertje regen, waardoor de wedstrijd even een poosje stilgelegd moest worden,  was het een hele mooie zomeravond.

Er werd door 6 verschillende groepen gestreden om de eerste prijs. Menigeen moest het met een nat pak doen, maar men mocht in totaal drie keer springen, dus was er meestal wel een goede sprong bij.

De eerste prijswinnaars waren Lisse van der Knaap bij de 2e klasse famkes, Tessa Kramer bij de fruolju 2e klasse, Peter Faber bij de Jongens B, Bouwe Westert bij de jongens A, Freerk van der Werf bij de junioren en Hugo Bosgraaf bij de senioren.

Nard Brandsma de bêste ljepper yn Drylts

Nard Brandsma wie tiisdeitejûn wer ris de bêste fierljepper. Yn Drylts ljepte de Warkumer nei 20.33. Sytse Bokma fan Hylpen waard twadde mei 19.46, Ysbrand Galama fan It Heidenskip tredde mei 18.41. De winst by de froulju gong nei Marrit van der Wal mei 15.46, foar Melanie Heins mei 13.36.

Jan Teade Nauta wie op syn thúsbarte de bêste by de junioaren mei 18.82, Freark Kramer waard twadde mei 17.99. By de jonges wie Wietse Nauta de bêste. Hy wûn mei in persoanlik rekôr fan 18.92. Bente Vlas pakte de winst by de famkes mei 14.08.

De wedstriid yn Drylts wie in ynhelljepperij. Ofrûne sneon waard de wedstriid ôfbrutsen troch it reinwetter.

Bron omrop fryslan

De fierljepwedstriden yn Drylt net ôfmakke

De fierljepwedstriden yn Drylts binne sneontejûn fanwegen it minne waar net ôfmakke. Troch ferskate reinbuien wie it foar de ljeppers net mear mooglik harren sprongen ôf te meitsjen. De sprongen dy’t al notearre wienen, binne ûnjildich ferklearre.

De wedstriid wurdt no tiisdei fan sân oere ôf ynhelle op deselde lokaasje yn Drylts. Der wie sneontejûn in soad publyk op de wedstriid ôfkaam, mar dat koe al gau wer nei hûs.

Bron omrop fryslan

Bewaren