By de froulju pakte krektlyk as ferline jier Sigrid Bokma de Keninginne-titel. Yn de finale ljepte se nei in ôfstân fan 14.98 meter. Dêrmei bleau se Anna-Jet Leyenaar fan Drylts (14.25) en Femke Rispens (14.04) fan Niehove foar. Bokma hie yn de foarronde har trije jier âlde PR fan 16.10 m ferbettere nei 16.26 m.

‘Hattrick’ foar It Heidenskip

Rutger Haanstra fan It Heidenskip wie mei 17.04 meter yn de finale ‘Prins’ fan Burgum. Yn de foarronde ljepte Haanstra ek al it fierst: 17.84 meter. Alle trije titels gienen dus mei nei It Heidenskip. Wytse Steensma fan De Jouwer (16.83) en Riemer Durk Krol fan Heech waarden respektyflik twadde en tredde.