Marrit van der Wal ljept nij wrâldrekôr: 18,19 meter

Marrit van der Wal hat woansdei in nij wrâldrekôr fierljeppen op har namme skreaun. Yn Burgum ljepte se as earste frou oer de 18 meter en sette in nij rekôr fan 18,19 meter op it boerd. “Ik bin super tefreden, dit is fansels fantastysk. Wa wit kin it noch fierder”, sei se nei ôfrin nofter.

Oan it begjin fan dit seizoen makke Van der Wal al bekend dat har doel wie om as earste frou oer de 18 meter te springen. No’t dat slagge is, leit se de latte noch wat heger. “Ik sjoch no nei de 19 meter, wa wit sit it der yn.”

Bron omrop fryslan


Reacties

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.