FIDEO: De hichtepunten fan it Keningsljeppen 2019

21 jul 2019 – 19:02

It Keningsljeppen yn Burgum levere sneontejûn trije sterke kampioenen op en in tal fantastyske nije persoanlike rekôrs. By it Keningsljeppen wiene trije titels te fertsjinjen: Kening, Keninginne en Prins fan Burgum. Yn dizze kompilaasje de hichtepunten.

Videobeelden

Yn de foarronden hie Thewis Hobma de sprong fan syn libben: 21.34 meter en einlik is hy de magyske grins fan 21 meter foarby. Dat wie it iennige wat ûntbruts oan syn yndrukwekkende fierljepkarriêre. Syn beslút om noch in jier troch te gean wurdt dus beleanne.

Ek nij rekôr Galama

Dat ynspirearre ek Ysbrand Galama, want ek dy ljepte in dik nij PR. Dat wie 20.77 meter en dat wurdt 21.21 meter. Hy ferbettere nei sân jier syn âlde PR mei 44 sintimeter.


Reacties

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.