Fryslân komt tekoart op NK fierljeppen yn Jaarsveld

It Nederlânsk kampioenskip fierljeppen hat yn Jaarsveld mar ien Fryske kampioen opsmiten. De winst gong allinnich by de junioaren nei Fryslân, nei Freark Kramer. Hy wûn mei in sprong fan 19.85. Twadde waard Jan Teade Nauta mei 19.06. Yn de oare kategoryen wiene de Hollanners de baas. De titel by de senioaren gong nei Jaco de Groot, hy sprong 21.57, Nard Brandsma kaam dêr lang net oan ta, hy sprong 20.85. By de froulju wiene de ferskillen lyts. De titel gie mei 16.05 nei Fabiënne Overbeek, twadde waard Marrit van der Wal mei in sprong fan 15.95.

De titel by de famkes wie foar Demi Groothedde mei in sprong fan 15.62, twadde wie dêr Femke Rispens mei 14.79. By de jonges wûn Reinier Overbeek mei in sprong fan 19.17 en twadde wie Jarich Wijnstra mei 18.33.

Alle útslaggen stean op de webside fan de polsstokbond Holland.

Videolink

Bron omrop fryslan

Bewaren


Reacties

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.