Fierljeppers Brandsma en Nauta winne Fryslân Cup

Nard Brandsma hat woansdeitejûn de Fryslân Cup yn Drylts wûn. De Frysk kampioen ljepte nei 20.54 meter. Twad waard Age Hulder yn 20.41 meter, gelyk oan syn persoanlik rekôr. Thewis Hobma waard tredde, mei in ôfstân fan 20.04 meter. Ysbrand Galama helle it poadium krekt net. Hy waard fjirde yn 19.80 meter, foar Bauke de Jong, dy’t ta 18.39 meter kaam.

By de froulju gie de winst nei Frysk kampioene Klaske Nauta. Sy sprong nei 14.93 meter. Hiske Galama waard twadde yn 14.74 meter en Marrit van der Wal lei beslach op it tredde plak: 14.62 meter.

Jan Teade Nauta wie de bêste by de junioaren. Hy ljepte 18.33 meter. Op it twadde plak einige Freark Kramer (18.25 meter), foar Rutger Piersma (17.94 meter).

Jonges en famkes

By de jonges wûn Wietse Nauta yn 17.56 meter. Rutger Haanstra waard twadde yn 16.16 meter, foar Sietse Hazewindus, dy’t nei 15.35 sprong.

Sigrid Bokma wûn mei in moaie sprong by de famkes. De nûmer twa fan it FK kaam ta 14.93, krekt sa fier as de winner by de froulju. It twadde plak wie foar Bente Vlas (14.14 meter), foar Tirza Bosma (13.58 meter).

bron: omrop fryslan


Reacties

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.