Bart Helmholt hat krekt de earepenning krige út hannen fan loko-boargemaster Rijpstra

Ald-fierljepper Bart Helmholt hat sneon de earepenning fan de gemeente Tytsjerksteradiel krige. Op it Keningsljeppen yn Burgum waard de wedstriid efkes stillein en waard de ferhearde Helmholt nei foaren roppen troch loko-boargemaster Houkje Rijpstra. De gemeente kent de earepenning net faak ta. Dit is pas de tolfde kear en de earste kear dat in sporter him kriget. Helmholt seit dat er tige fereare is mei de earepenning fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

Helmholt is ferline jier ophâlden mei topljeppen. Hy is no fierljepcoach. Hy krige earder ek al de oeuvrepriis fan de provinsje Fryslân.

Bron:Omrop Fryslân, Freark Wijma


Reacties

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.