Sytse Bokma wint seizoensiepening fierljeppen yn Burgum

De earste wedstriid fan it fierljepseizoen yn Burgum is sneon wûn troch Sytse Bokma fan Hylpen. Hy wie de sterkste by de manlju mei in ôfstân fan 20.25 meter. Ysbrand Galama kaam yn ‘e buert, mar waard twadde mei 20.01 meter. Nard Brandsma pakte mei 19.90 meter it brûns.

Omrop Fryslân stjoerde de fierljepwedstriid earder sneon live út op ynternet:

Sytse Bokma út Hylpen hat in goeie start fan it nije seizoen. Hy kaam yn Burgum twa kear oer de 20 meter en ek noch twa kear oer de 19 meter.

By de froulju wie Marrit van der Wal fan It Heidenskip in klasse apart. Mei 16.70 meter pakte sy mei ôfstân de oerwinning yn Burgum. Sigrid Bokma einige op it twadde plak (14.94) en waard folge troch Tirza Boschma (14.39)
Junioarewinst Rutger Haanstra

Rutger Haanstra fan It Heidenskip pakte mei 19.28 meter fuort de oerwinning by syn debút by de junioaren. It smiet him ek in nij persoanlik rekôr op. Lisse van der Knaap wûn mei in ôfstân fan 14.47 by de famkes, mar rekke by har sprong blessearre. De deititel by de jonges gie nei Wytse Steensma yn 16.62 meter.

Bart Helmholt kaam nei fjouwer jier ôfwêzichheid sneon kreas werom mei in oerwinning yn de twadde klasse, en in fierste sprong fan it seizoen.

Yn totaal steane der alve reguliere wedstriden op de kalinder oant en mei 22 augustus. Alle wedstriden begjinne om 18.30 oere. Yn septimber binne de kampioenskippen pland. It FK yn Winsum is op 5 septimber en it NK yn Burgum op 19 septimber.

Reacties

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.