De earste wedstriid fan it fierljepseizoen yn Burgum is sneon wûn troch Sytse Bokma fan Hylpen. Hy wie de sterkste by de manlju mei in ôfstân fan 20.25 meter. Ysbrand Galama kaam yn ‘e buert, mar waard twadde mei 20.01 meter. Nard Brandsma pakte mei 19.90 meter it brûns.
Omrop Fryslân stjoerde de fierljepwedstriid earder sneon live út op ynternet:
Sytse Bokma út Hylpen hat in goeie start fan it nije seizoen. Hy kaam yn Burgum twa kear oer de 20 meter en ek noch twa kear oer de 19 meter.
Rutger Haanstra fan It Heidenskip pakte mei 19.28 meter fuort de oerwinning by syn debút by de junioaren. It smiet him ek in nij persoanlik rekôr op. Lisse van der Knaap wûn mei in ôfstân fan 14.47 by de famkes, mar rekke by har sprong blessearre. De deititel by de jonges gie nei Wytse Steensma yn 16.62 meter.
Bart Helmholt kaam nei fjouwer jier ôfwêzichheid sneon kreas werom mei in oerwinning yn de twadde klasse, en in fierste sprong fan it seizoen.
Geef een reactie