Sânfâldich fierljepkampioen Bart Helmholt tinkt oan comeback

Sânfâldich Frysk- en Nederlânsk fierljepkampioen Bart Helmholt sette yn 2016 in punt achter syn ymposante karriêre. Hy hat alles wol in kear wûn, mar der ûntbrekt noch ien ding: in sprong oer de 22 meter. Fjouwer jier nei syn ôfskie wol hy noch ien kear alles út de kast helje om dy grutte dream wier te meitsjen. Dat soe dan barre moatte op it NK yn Burgum op 19 septimber.

Bart Helmholt (37) hat nei syn fierljepkarriêre syn enerzjy stutsen yn training foar ‘De Sterkste Man’. En mei sukses: yn 2018 en 2019 wûn hy sulver op it NK oant 105 kilo. Undertusken makke hy op trainingen yn Burgum en op de Nederlânske Fierljep Manifestaasje (NFM) jierliks noch wol in pear fierljepsprongen. En dat giet noch altyd soepel.

Fitter as ea
Hy fielt him yntusken fitter as ea, en dat brocht him op de gedachte om it ljeppen wer op te pakken. Fan ’t winter hie Helmholt oerlis mei syn âld-coach Arend-Tjeert Hofstee en syn âld-krêfttrainer Geert Hommes. Se kamen oerien om as team noch ien kear alles út ‘e kast te heljen foar de grutte dream fan Helmholt: oer de 22 meter ljeppe.

Helmholt op jacht nei rekôr
Yn in oantal trainingen wol Helmholt bepale oft syn nivo noch goed genôch is om de konkurrinsje oan te gean mei toppers as Nard Bransdma, Oane Galama, Thewis Hobma en Ysbrand Galama. Want hy docht allinne mei as hy ek echt ljeppe kin om de rekôrs en de haadprizen.
FK en NK útsteld nei septimber
It fierljepseizoen kin fanwege it coronafirus net yn maaie útein sette. Grutte eveneminten binne oant 1 septimber skrast. It Frysk Ljeppers Boun (FLB) hat yn oerlis mei it Nederlandse Fierljep Bond (NFB) dêrom besletten om it FK en it NK te ferpleatsen nei 5 en 19 septimber.

Bart Helmholt oer syn mooglike comeback

Yn 2017 makke Omrop Fryslân in dokumentêre oer de fierljepkarriêre fan Bart Helmholt. Yn Fryslân DOK is ûnder de titel ‘Ik wol alles winne’ te sjen hoe’t Helmholt doe ôfskied naam fan it fierljeppen.

Bron Omrop Fryslân


Reacties

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.