Gjin nasjonale fierljepwedstriden dit jier

It Frysk Ljeppers Boun hat besletten dat der dit seizoen gjin nasjonale wedstriden mear hâlde wurde. Dêrby giet it ek om de Twakamp Fryslân-Hollân en de Nasjonale Fierljep Manifestaasje. As it ferbod op eveneminten net ferlinge wurdt, wurde de Fryske en Nederlânske kampioenskippen letter wol hâlden. It FK yn Winsum stiet no pland foar 5 septimber en de NK yn Burgum op 19 septimber.
It Nederlânsk Kampioenskip foar de jongerein is hielendal fan de baan, om’t dêr in soad âlden en oare belutsenen by oanwêzich wêze moatte en dat soe te riskant wêze. As der yn it seizoen net genôch reguliere wedstriden hâlden wurde kinne, dan wurde de FK en NK foarôfgien troch inkelde kwalifikaasjewedstriden. Byneed sûnder publyk.
It Boun stelt alfêst protokollen op foar trainings en wedstriden foar it gefal dat de maatregels ferromme wurde. Der wurdt foarearst noch net keazen foar it hâlden fan wedstriden sûnder of minder publyk, om’t, sa’t it Boun sels seit, by fierljeppen dochs publyk heart.

Bron Omrop fryslan

Foto Omrop fryslan


Reacties

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.