Oane Galama Nederlânsk kampioen fierljeppen yn Burgum

Mei in nij persoanlik rekôr fan 21.40 meter is Oane Galama fan It Heidenskip sneon kampioen by de senioaren wurden op it NK fierljeppen yn Burgum. Fuort nei ôfrin fan syn sprong yn de finale hie er yn de gaten dat it in goede sprong wie, fan bliidskip dûkte er it wetter yn. Syn âlde rekôr wie 21.16 meter.

Klik hier voor video

Super, ongelofelijk!

Super, ongelofelijk!

“Super, ongelofelijk!” reagearre de farske kampioen nei syn sprong. Hy kaam mei in sprong fan 20.20 meter yn de finale, as fiifde. “Dêrom mocht ik as earste begjinne, ik siet fol fertrouwen foar de wedstriid, en wist dat der folle mear yn siet hjoed.”

De earste finalesprong wie dus 21.40 meter. “Ik wie superfocused, de stok stie goed, de oanrin fielde superlekker, ik seach de stok stean presys op de sticker, ik bleau klimmen en nei foaren sjen, ik gie mar troch en de stok bleau stean, ik kaam krekt wat te koart út dus in lyts slachje boppe-yn en ik koe myn fuotten omheech dwaan. En doe wie ik oer it baltsje, ek mear as in pear sintimeters, supermoai. Dan komt de ûntlading.”

Oane Galama hie de hiele wike al in goed gefoel. “Ik wist dat der in kâns wie om de titel te pakken, ik gean derfoar.”

Hy moast de rest fan de senioaren noch ôfwachtsje, mar dy kamen net oer syn sprong hinne. “Ik hie it op in pypfol, as ien it docht is it Jaco, mar hy wie net super, siet net goed yn de stok.”

Twad by de senioaren waard Jaco de Groot mei 21.19 en tred Thomas van Midden.

Oer tsien dagen giet Oane Galama wer nei Nij-Seelân, dêr’t er wennet. “Dit koe noch moai sa even.” Mooglik komt er oer in jier werom om syn titel te ferdigenjen.

.

Fan de 17 finalisten kamen der sân út Fryslân.

Famkes

By de famkes wie Demi Groothedde kampioen mei in sprong fan 14.50 meter. De Friezen Femke Rispens en Bente Vlas waarden twadde en tredde.

Jonges

By de jonges wie Reinier Overbeek de bêste mei 20.30 meter, in Nederlânsk rekôr. Twad waard de Fries Rutger Haanstra, ek in pr, fan 18.23 meter en tred Tymo de Haay.

Froulju

By de froulju waard Dymphie Baas-van Rooijen kampioen mei 16.11 meter, twad waard Wendy Helmus en tred de Friezinne Sigrid Bokma.

Junioaren

By de junioaren wie de Fries Freark Kramer de bêste mei in sprong fan 20.44 meter en in nij Frysk rekôr, twad de Fries Jarno Hoekstra mei in nije pr fan 19.14 meter en tred Chris Anker.

Lêste sprong foar Thewis Hobma

Foar Thewis Hobma wie sneon ien fan de lêste fierljepwedstriden. “Ik hie in goed gefoel foar dit NK, bin fit en ha goed traind en hie it gefoel dat ik hjoed meidwaan koe om de heechste prizen. It nivo wie heech en it siet my net mei, en sa kaam ik krekt bûten de finale.”

Weromsjend op syn karriêre binne it Frysk kampioenskip yn 2011 en it Nederlânsk kampioenskip yn 2013 de hichtepunten. “Mar ek it Red Bull evenemint de fierste ljepper yn Utrecht wie skitterjend, om de sport yn sa’n entoeraazje foar in grut publyk sjen te litten.” Ek is er wiis mei de groei fan Drylts as ljeppersplak. “Doe’t ik as jonkje begûn, wie it in lytse klup, no bin ik 34 en is it ien fan de grutste klups.”

Hy hie graach oer de 21 meter ljeppe wollen. “Ik tink dat ik fierder kin as myn pr sjen lit, mar dwaan is in oar ding.”

 


Reacties

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.