Thewis Hobma pakt oerwinning op nije skâns fan Burgum

Fierljepper Thewis Hobma fan Harns hat woansdeitejûn op de nagelnije skâns fan Burgum de oerwinning pakt. Dêrmei trochbruts Hobma de rige sterke resultaten fan konkurrint Nard Brandsma, dy’t yn it klassemint tige tichtby kaam is. Nei njoggen wedstriden hat Hobma no fiif kear wûn, Brandsma stiet op fjouwer kear winst.

 

Hobma ljepte mei in ôfstân fan 20.28 meter nei de deioerwinning. Foar Hobma wie dit de fierste sprong fan it seizoen. Konkurrint Nard Brandsma fan Warkum einige op it twadde plak mei 19.80 meter. Hannes Scherjon fan Noardburgum waard tredde mei 19.48 meter.

Yn Burgum waard yn de ferskate klassen mar leafst 25 kear in bêste seizoensprestaasje delset. Fiif kear wist in ljepper syn as har persoanlik rekôr te ferbetterjen.

By de froulju wûn Sigrid Bokma fan Hylpen yn in nij seizoensrekôr fan 15.77 meter. Hiske Galama fan Snits en Akke Dijkstra fan Bûtenpost einigen as twadde en tredde. Freark Kramer (19.10 meter) wie de bêste by de junioaren, Wisse Broekstra wûn mei in nij pr(16.76 meter) by de jonges en Pytrix Westra (14.94 meter (pr), ek in nij seizoensrekôr) by de famkes.

Livestream

It fierljeppen yn Burgum wie streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân fia in livestream.

Bron Omrop Fryslan

Hier is het radioverslag de vinden van Freerk Wijma


Reacties

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.