Nard Brandsma waard ôfrûne sneon Frysk kampioen fierljeppen. Op de revâns yn It Heidenskip wie er woansdeitejûn opnij de bêste mei in ljep fan 20.42. Ysbrand Galama waard twadde mei 20.16. By de froulju wûn Anneke Broersma har earste deititel mei 15.07. Freark Kramer wûn by de junioaren mei in persoanlik rekôr fan 19.75. By de jonges gong de winst nei Wietse Nauta mei 18.78, Sigrid Bokma wûn by de famkes mei 14.54.
Bron omrop fryslan
Geef een reactie