Foto:Omrop Fryslân, Freark Wijma
Fierljepper Wietse Nauta wie woansdei de sportive útsûndering op in fierders matige ynhelwedstriid yn Bûtenpost. Nauta komt út yn de klasse jonges. Dêr wûn er mei in nij PR fan 18.47 meter. Dy ôfstân hie him brûns opsmiten by de topklassers.
De omstannichheden op de ynhelwedstriid wiene net ideaal: it wie kâld en de ljeppers hiene lêst fan in frij hurde wyn fan siden.
Manlju
Nard Brandsma wûn by de manlju (19.02 meter), folge troch Ysbrand Galama (18.98) en Jelle Douwe de Vries ( 17.84 meter).
Froulju
By de frouljui gie de titel ferrassend nei Melanie Heins (14.73 meter). Sy kaam fierder as de favoryt Marrit van der Wal (14.33 meter). De nûmer 3, Boukje de Boer, siet dêr mei in meter minder (13.33) wer in ein fierder ûnder.
Junioaren
By de junioaren wie de winst ek in ferrassing: Jarno Hoekstra kaam dêr mei 16.79 meter it fierste. Twadde waard Bobby Zwaagman (16.63 meter) en tredde Jos Bethlehem (15.99 meter)
Jonges
By de jonges waard Wietse Nauta dus earste mei in poerbêste sprong fan 18.47 meter. Jarich Wijnstra waard twadde (17.07 meter) en Rutger Haanstra tredde (15.88 meter)
Famkes
Bente Vlas makke mar ien sprong by de famkes. Dy 14.80 meter wie dochs genôch foar de earste priis. Nei har ljep melde se har ôf om’t se in blessuere hie. Fardau van Akker waard hjir twadde (14.27 meter). Sigrid Bokma koe har favoriterol net wiermeitsje. Sy einige as tredde mei in ljep fan 14.22 meter.
Bron:Omrop Fryslân, Freark Wijma
Geef een reactie