MEMMEDEI AKSJE

foar de klup yn gearwurking mei ‘Talitha Bloemen’

It is hast Memmedei en dêr wolle wy as Ljeppersklup Burgum graach wat bysûnders fan meitsje! Op freed 9 maaie organisearje wy in fleurige aksje yn gearwurking mei Talitha Bloemen. Fanôf 16:30 oere binne der prachtige blommenhangers te keap op it fierljepterrein efter it gemeentehûs.

In moai blommekado foar dyn mem, beppe of in oar leave famyljelid – en tagelyk stipest der ek noch de klup mei. De opbringst giet nei Ljeppersklup Burgum, sadat wy ek yn ’e takomst training, wedstriden en aktiviteiten organisearje kinne foar ús leden en fans.

De blommenhangers wurde mei soarch lefere troch Talitha Bloemen en binne perfekt foar yn de tún of oan ’e muorre. Wês der op tiid by, want op is op! Wolst no seker weze fan sa’n moaie blommenhanger doch Talitha of de klup een DM fia instagram; fierljeppen_burgum of talitha_bloemen_en_meer

Kom del op freed 9 maaie, nim wat sinneskyn mei, en helje in fleurich kadootsje foar Memmedei – én stypje dyn lokale fierljepklup!

https://www.instagram.com/reel/DI4YP4hulz1/?igsh=cjE2ZW9tODAwNjkw


Reacties

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie gegevens worden verwerkt.