Age Hulder ferrassende winner yn Bûtenpost

Age Hulder fan Burgum hat freedtejûn yn de topklasse fierljeppen yn Bûtenpost ferrassend syn twadde deititel fan dit seizoen helle mei in sprong fan 20.19 meter. Hy wie dêrmei presys 1 sintimeter fierder as de favoryt Nard Brandsma út Warkum. De tredde priis gie nei Ysbrand Galama mei 19.10 meter.

Junioaren
By de junioaren gie ek wol ferrassend de earste priis nei Rutger Piersma út Molkwar mei in sprong fan 18.96 meter. Dat wie krekt wat fierder as Freark Kramer fan It Heidenskip dy’t 18.80 sprong. De tredde priis wie foar de oare favoryt Jan Teade Nauta fan Drylts, dy’t 17.68 sprong.

Froulju 
By de froulju wie de titel alwer foar de regearjende Fryske kampioene Marrit van der Wal fan It Heidenskip. Se wie echt yn foarm en sprong 15.24 meter. In kreas twadde plak wie foar Akke Talsma út Kollum. Sy sprong har bêste seizoensprestaasje fan 15.06 meter. De tredde priis gie nei Melanie Heins út Warkum mei in sprong fan 13.98 meter.

Jonges
By de jonges wie der úteinlik dochs noch de haadpriis foar Wietse Nauta fan Drylst. Hy sprong yn de finale 17.74 meter en wie dêrmei úteinlik dochs noch better as Jarich Wijnstra fan Tsjom, dy’t oant de finale de lieding hie mei 17.35. Wisse Broekstra fan Tsummearum, de jongste dielnimmer fan it hiele fjild mei syn 13 jier, sprong in persoanlik rekôr fan 15.72 meter en krige dêrfoar in brûnzen medalje.

Famkes
By de famkes wie it hiel spannend. De titel gie nei Bente Vlas út Heech mei 14.14 meter. Dat wie krekt twa sintimeter fierder as de favoryt Sigrid Bokma fan Hylpen mei 14.12. Tredde plak wie foar Tirza Boschma fan Drylts mei 13.29 meter.

Bron omrop fryslan

Bewaren

2e klas wedstrijd Buitenpost 27-7-2017

Donderdagavond was de Fierljepwedstrijd van de tweede klas bij de Ljeppersklub in Buitenpost. Uitgezonderd een kwartiertje regen, waardoor de wedstrijd even een poosje stilgelegd moest worden,  was het een hele mooie zomeravond.

Er werd door 6 verschillende groepen gestreden om de eerste prijs. Menigeen moest het met een nat pak doen, maar men mocht in totaal drie keer springen, dus was er meestal wel een goede sprong bij.

De eerste prijswinnaars waren Lisse van der Knaap bij de 2e klasse famkes, Tessa Kramer bij de fruolju 2e klasse, Peter Faber bij de Jongens B, Bouwe Westert bij de jongens A, Freerk van der Werf bij de junioren en Hugo Bosgraaf bij de senioren.

Nard Brandsma de bêste ljepper yn Drylts

Nard Brandsma wie tiisdeitejûn wer ris de bêste fierljepper. Yn Drylts ljepte de Warkumer nei 20.33. Sytse Bokma fan Hylpen waard twadde mei 19.46, Ysbrand Galama fan It Heidenskip tredde mei 18.41. De winst by de froulju gong nei Marrit van der Wal mei 15.46, foar Melanie Heins mei 13.36.

Jan Teade Nauta wie op syn thúsbarte de bêste by de junioaren mei 18.82, Freark Kramer waard twadde mei 17.99. By de jonges wie Wietse Nauta de bêste. Hy wûn mei in persoanlik rekôr fan 18.92. Bente Vlas pakte de winst by de famkes mei 14.08.

De wedstriid yn Drylts wie in ynhelljepperij. Ofrûne sneon waard de wedstriid ôfbrutsen troch it reinwetter.

Bron omrop fryslan

De fierljepwedstriden yn Drylt net ôfmakke

De fierljepwedstriden yn Drylts binne sneontejûn fanwegen it minne waar net ôfmakke. Troch ferskate reinbuien wie it foar de ljeppers net mear mooglik harren sprongen ôf te meitsjen. De sprongen dy’t al notearre wienen, binne ûnjildich ferklearre.

De wedstriid wurdt no tiisdei fan sân oere ôf ynhelle op deselde lokaasje yn Drylts. Der wie sneontejûn in soad publyk op de wedstriid ôfkaam, mar dat koe al gau wer nei hûs.

Bron omrop fryslan

Bewaren

Bart Helmholt hat krekt de earepenning krige út hannen fan loko-boargemaster Rijpstra

Ald-fierljepper Bart Helmholt hat sneon de earepenning fan de gemeente Tytsjerksteradiel krige. Op it Keningsljeppen yn Burgum waard de wedstriid efkes stillein en waard de ferhearde Helmholt nei foaren roppen troch loko-boargemaster Houkje Rijpstra. De gemeente kent de earepenning net faak ta. Dit is pas de tolfde kear en de earste kear dat in sporter him kriget. Helmholt seit dat er tige fereare is mei de earepenning fan de gemeente Tytsjerksteradiel.

Helmholt is ferline jier ophâlden mei topljeppen. Hy is no fierljepcoach. Hy krige earder ek al de oeuvrepriis fan de provinsje Fryslân.

Bron:Omrop Fryslân, Freark Wijma

Fierljepwykein yn Burgum!

Op “De Jint” (achter it gemeentehûs)

* Freed 18.30 oere 3e klas wedstriid
* Saterdei 14.30 oere 2e klas wedstriid
* Saterdei 19.00 oere Keningsljeppen 1e klas wedstriid

Hjir sil toch grif een skoftsje yn jo wykein sitte om efkes by disse geweldige fryske sport te sjen?
De springers sille hun bêst dwan om ek foar jo een kampioenssprong te meitsjen. En ek nog joens nei hûs te gean mei de eretitel Kening, Keninginne of Prins fan it ljeppen.

Jonge Wietse Nauta ljept topklasse-ôfstân yn Bûtenpost

Foto:Omrop Fryslân, Freark Wijma

Fierljepper Wietse Nauta wie woansdei de sportive útsûndering op in fierders matige ynhelwedstriid yn Bûtenpost. Nauta komt út yn de klasse jonges. Dêr wûn er mei in nij PR fan 18.47 meter. Dy ôfstân hie him brûns opsmiten by de topklassers.

De omstannichheden op de ynhelwedstriid wiene net ideaal: it wie kâld en de ljeppers hiene lêst fan in frij hurde wyn fan siden.

Manlju

Nard Brandsma wûn by de manlju (19.02 meter), folge troch Ysbrand Galama (18.98) en Jelle Douwe de Vries ( 17.84 meter).

Froulju

By de frouljui gie de titel ferrassend nei Melanie Heins (14.73 meter). Sy kaam fierder as de favoryt Marrit van der Wal (14.33 meter). De nûmer 3, Boukje de Boer, siet dêr mei in meter minder (13.33) wer in ein fierder ûnder.

Junioaren

By de junioaren wie de winst ek in ferrassing: Jarno Hoekstra kaam dêr mei 16.79 meter it fierste. Twadde waard Bobby Zwaagman (16.63 meter) en tredde Jos Bethlehem (15.99 meter)

Jonges

By de jonges waard Wietse Nauta dus earste mei in poerbêste sprong fan 18.47 meter. Jarich Wijnstra waard twadde (17.07 meter) en Rutger Haanstra tredde (15.88 meter)

Famkes

Bente Vlas makke mar ien sprong by de famkes. Dy 14.80 meter wie dochs genôch foar de earste priis. Nei har ljep melde se har ôf om’t se in blessuere hie. Fardau van Akker waard hjir twadde (14.27 meter). Sigrid Bokma koe har favoriterol net wiermeitsje. Sy einige as tredde mei in ljep fan 14.22 meter.

Bron:Omrop Fryslân, Freark Wijma

Keningsljeppen in Burgum

BURGUM – Op de fierljepaccommodatie ‘De Jint’ in Burgum vindt zaterdag 15 juli om 19.00 uur de jaarlijkse klassieker Keningsljeppen plaats.

Vorig jaar wist de ‘Keninginne’ Marrit van der Wal in deze wedstrijd een nieuw Nederlands Record te springen van 17.58 meter. Zij is dit jaar weer ‘grootgrossierster’ in eerste prijzen en sprong haar beste seizoensprestatie bij de Eelke Scherjon Memorial eerder dit seizoen. De schans in Burgum ligt haar dus erg goed. Bij de mannen wordt de titel van Kening verdedigd door Nard Brandsma. Jarich Wijnstra van Tzum verdedigt in zijn laatste seizoen bij de jongens de titel van prins. De apotheose in deze wedstrijd, waarbij de nieuwe Kening, Keninginne en Preens met de Friese vlag in top hun laatste sprong maken, garandeert spektakel.

Bron weekblad Actief